Gjin amtsgebed mear foar riedsgearkomsten yn Achtkarspelen

22 nov 2018 - 22:12

It amtsgebed foar elke riedsgearkomste yn Achtkarspelen is ôfskaft. Oant no ta spruts in riedslid oan it begjin en de ein fan alle riedsgearkomsten in gebed út. Om de FNP en de VVD hoegde dat net mear en sy krigen tongersdei genôch stipe fan de oare fraksjes. Leden fan it CDA en de ChristenUnie wiene tsjin it ôfskaffen.

De riedseal fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De FNP en de VVD fregen har ôf oft in gebed noch wol fan wearde is yn in tiid fan hieltiten fierdergeande sekularisaasje. De fraksjes fûnen dat de gemeente neutraal wêze moat. Ynwenners moatte har by in riedsgearkomste net ûngemaklik fiele as ien in gebed útsprekt, sizze se.

No't Achtkarspelen it amtsgebed ôfskaft, binne Ferwerderadiel en Dantumadiel de iennichste gemeenten dêr't it amtsgebed noch yn gebrûk is.

(advertinsje)