Iepeningswedstriid Trachitol Trophy: earste oerwinning foar ploech Jillert Anema

22 nov 2018 - 22:07

Crispijn Ariëns út Wolvegea en Bart de Vries fan It Hearrenfean binne respektyflik twadde en tredde wurden by de iepeningswedstriid fan de maraton fan fjouwer dagen, de Trachitol Trophy. De winst yn de earste wedstriid gie nei Evert Hoolwerf. Hy besoarge de ploech Royal A-ware fan Jillert Anema dêrmei de earste oerwinning fan it seizoen by de manlju.

Jillert Anema - Foto: www.orange-pictures.nl

De wedstriid siet al gau op slot, doe't in kopgroep fan tolve man al nei 20 fan de 80 rûntsjes in ronde foarsprong pakte. Tsien rûntsjes foar it ein sprinte it peloton fuort. Dêrnei besocht Mats Stoltenberg ferskate kearen fuort te riden, mar waard weromhelle troch Bob de Vries út De Haule.

Yn it lêste rûntsje makke Hoolwerf, ploechgenoat fan ûnder mear Jorrit Bergsma en Bob de Vries, it wurk ôf. Foar Ariëns en Bart de Vries.

Crispijn Ariens, Evert Hoolwerf en Bart de Vries - Foto: Neeke Smit

De Trachitol Trophy is de tweintichste maraton fan mear as ien dei. De earste waard yn 1983 ferriden. De kommende trije dagen komme de reedriders noch yn aksje yn Utrecht, Hoorn en Grins.

(advertinsje)