Manon Kamminga twadde yn iepeningswedstriid Trachitol Trophy

22 nov 2018 - 21:50

Manon Kamminga is tongersdei twadde wurden by de iepeningswedstriid fan de maraton fan fjouwer dagen, de Trachitol Trophy. De oerwinning yn Breda gie nei Irene Schouten, dy't yn de sprint wûn.

Manon Kamminga, Irene Schouten en Iris van der Stelt - Foto: Neeke Smit

Der waard hurd koerst en der wiene in soad reedriders dy't besochten fuort te kommen. Foaral efteryn it peloton wie in grut tal reedriders dy't it tempo net folgje koenen, mar foaryn ûntstiene gjin grutte ferskillen. De ploech MKbasics.nl, mei âld-Snitser Merel Bosma, woe de sprint oanlûke foar Iris van der Stelt.

Carien Kleibeuker en Marijke Groenewoud fan Royal A-ware, de ploech fan Jillert Anema, hâlden it peloton byinoar, wêrtroch't harren ploechgenoate Irene Schouten yn in goeie posysje brocht waard. Schouten wûn de sprint mei oermacht.

Manon Kamminga waard twadde. De berne Haulerwykster komt dit jier út foar de nije maratonploech A6.nl, ûnder lieding fan Klasina Seinstra. Foarige wike pakte Kamminga har earste sege op de maraton op keunstiis ea. It tredde plak wie foar Iris van der Stelt.

Tweintichste marathon fan mear as ien dei

De Trachitol Trophy is de tweintichste maraton fan mear as ien dei. De earste waard yn 1983 ferriden. De kommende dagen komme de reedriders noch yn aksje yn Utrecht, Hoorn en Grins.

(advertinsje)