Aris hat thús neat yn te bringen yn derby tsjin Donar

22 nov 2018 - 21:45

De basketballers fan Aris ha tongersdei mei grutte sifers ferlern fan Donar: 60-97. De Ljouwerters hiene yn de noardlike derby neat yn te bringen tsjin de Grinzers. David Michaels hie 20 punten foar de Ljouwerters. Deividas Kumelis soarge foar 11 punten, 5 rebounds en 4 assists. Mar dat wie dus allegear lang net genôch.

Griffin Kinney (rjochts) mei Drago Pasalic - Foto: www.dijksfotografie.nl

Donar hie nei it earste kwart al in foarsprong fan tsien punten: 23-13. Yn alle kwarten dêrnei bouden de Grinzers dy foarsprong in bytsje út. Sa wie it by it skoft 47-30 en nei trije kwarten 74-44.

Ut alle statistiken wurdt it ferskil dúdlik. Rebounds: 38-26 yn it foardiel fan Donar, assists: 22-12 foar Donar. En de wikselspilers soargen by de Grinzers foar 35 punten, wylst de Aris-spilers dy't op de bank begûnen acht punten makken.

Aris bliuwt sechsde

De Grinzers steane twadde yn de Dutch Basketball League en ha nei njoggen wedstriden noch mar ien kear ferlern. Aris bliuwt op it sechsde plak stean mei fjouwer oerwinningen út tsien wedstriden. De kompetysje bestiet út tsien ploegen.

Takom sneon spilet Aris yn Amsterdam tsjin Apollo. Dy ploech hat noch mar ien kear wûn dit seizoen.

Trefwurden: 
Donar Aris basketbal
(advertinsje)