Fries Museum makket him op foar iepening Rembrandt & Saskia

It Fries Museum yn Ljouwert koe de lêste wiken even bekomme, nei de rekôrdrokte fan de Escher-tentoanstelling, mar fan takom wykein ôf moat it museum wer oan de bak, want dan set de nije tentoanstelling 'Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw' útein.
Saskia en Rembrandt
De tentoanstelling giet oer trouwe yn de Gouden Eeuw. Fan hôfmakkerij oant it krijen fan bern. Tuskentroch komt it ferhaal fan de skilder Rembrandt van Rijn en syn Saskia Uylenburgh oan 'e oarder. Sy binne yn 1634 troud yn Sint-Anne, dêr't Saskia in skoft wenne hat. Se waard berne yn Ljouwert.

Net oer Escher hinne

It museum ferwachtet mei de tentoanstelling net oer it besikersoantal fan Escher hinne te gean. De tentoanstelling duorret koarter, trije moanne, en der binne gjin 250.000 kaartsjes foar beskikber. It doel is 75.000 besikers te heljen.
It Fries Museum hat him mei de suksesfolle tentoanstellingen oer Alma Tadema, Mata Hari en Escher flink op de kaart set. Grutte fraach is oft se dit altyd folhâlde kinne. Direkteur Kris Callens sjocht de takomst lykwols posityf yn.

Nei Dútslân

In soad stikken út de tentoanstelling komme gewoan út Fryslân. As de tentoanstelling yn Ljouwert ôfrûn is, sil er ek noch in skoftke te sjen wêze yn it Dútske Kassel.