Minister wol mei gemeenten prate oer proef mei legale wyttylt

22 nov 2018 - 20:41

Minister Grapperhaus fan Justysje en Feilichheid praat dizze moanne noch mei gemeenten oer it eksperimint mei legale wyttylt. It kabinet wol yn inkelde gemeenten fjouwer jier lang de wyttylt legalisearre. Ljouwert en Smellingerlân besleaten earder dizze moanne om net mei te dwaan oan it lanlike eksperimint.

Hennepkwekerij - Foto: Pixabay

By it eksperimint meie gemeenten legaal wyt kweke en ferkeapje oan coffeeshops. Nei dy fjouwer jier wurdt de tylt en ferkeap wer strafber yn dy gemeenten. Dan sil it kabinet it eksperimint earst evaluearje, foardat it beslút hoe't it fierder moat.

In soad gemeenten dy't der oan meidwaan woene, binne teloarsteld oer de opset fan de proef. Ljouwert en Smellingerlân wolle der op dizze manier net iens oan meidwaan. Sy wiene krekt in pear fan de gemeenten dy't al jierren oantrunen op it dwaan fan in proef mei legale wyttylt.

Proef kin oanpast wurde

Minister Grapperhaus seit dat de proef noch oanpast wurde kin. De regels litte gemeenten romte foar lokaal maatwurk, seit er. Gemeenten dy't meidwaan wolle, kinne har nei alle gedachten takom maitiid oanmelde. It kabinet kiest der dan tusken de seis en de tsien út.

(advertinsje)