Patyna ferkeapet tsjinstesintrum Heemstra State yn Oentsjerk

Soarchorganisaasje Patyna wol tjinstesintrum Heemstra State yn Oentsjerk ferkeapje. Betingst is wol dat de keaper de maatskiplike funksje fan it gebou behâldt. Sa moat Heemstra State beskikber bliuwe as moetingsplak yn de Trynwâlden.
© Omrop Fryslân
Patyna hat jildproblemen by it tsjinstesintrum. Dat komt, sa skriuwt de organisaasje, troch maatregels fan it regear. Dêrom socht Patyna al langer nei in oplossing. Dat wurdt dus ferkeap. Dy set op 26 novimber útein.
De soarchorganisaasje bliuwt wol aktyf as thússoarch- en wmo-oanbieder yn de regio. Se dogge ek de soarch foar de kliïnten fan Noflik Wenje, in wenfoarsjenning foar âlderein dy't demint binne. Der wurkje goed 130 minsken foar Patyna yn de Trynwâlden.