Arber Zeneli komt mei glimlaits werom út Kosovo

Hy is de Hearrenfeanspiler dy't it tichtst by pleatsing foar it Europeesk Kampioenskip is. Arber Zeneli spile dêr, foar syn lân Kosovo, ek nochris in grutte rol yn. Hy skoarde de lêste twa wedstriden fjouwer kear, wêrûnder in hattrick tsjin Azerbeidzjan. "Ik kom mei in protte positive enerzjy werom by Hearrenfean."
© www.orange-pictures.nl
Kosovo moat noch twa lannen ferslaan om him te pleatsen foar it EK yn 2020. Kosovo waard groepswinner yn de Nations League en spilet no noch yn in heale finale en in finale tsjin Wyt-Ruslân, Georgië of Masedoanië. "It fuotbal libbet enoarm yn Kosovo. It is net te ferlykjen mei hjir yn Nederlân."
Zeneli keart mei glimlach werom út Kosovo
Hearrenfean spilet sneon tsjin koprinner PSV. De ploech út Eindhoven ferlear yn tolve wedstriden noch gjin ien kear. Sterker noch, PSV ferlear noch gjin punt. Trainer Jan Olde Riekerink kin net oars as der posityf nei sjen. "Toch is er wel wat te halen. Ik ben ervan overtuigd dat we een goede ploeg hebben. En de goede mentaliteit. Dat lieten we tegen Groningen niet zien, maar ik weet dat het in de ploeg zit."
Olde Riekerink PSV

Blessueren

Hearrenfean mist tsjin PSV noch hieltyd de al langer útskeakele Stijn Schaars en Doke Schmidt. Marco Rojas trainde net mei, mar Olde Riekerink ferwachtet wol dat hy der by is sneon. Ek Nicolai Næss is net hielendal fit, mar hopet freed wer mei te trainen.
De wedstriid PSV - Hearrenfean is sneon op Omrop Fryslân Radio live te folgjen fan 20.45 oere ôf. Kommentator is Roelof de Vries.