Omrin iepenet unike ynstallaasje foar it sortearjen fan keunststof

Offalferwurkingsbedriuw Omrin iepenet freed op It Hearrenfean in unike keunststof sortearynstallaasje (KSI). Dizze ynstallaasje soarget derfoar dat keunstof ôffal sa as plestik flessen en ferpakkingsmateriaal, foly, drankkartons en drinkblikjes fierder skieden wurdt foar ferwurking ta granulaat.
Unike keunststof-sortearynstallaasje
Granulaat bestiet út lytse boltsjes dy't wer brûkt wurde kinne as grûnstof foar nije keunststofprodukten, sa as bygelyks drinkflessen en senseo-apparaten. De skieding waard oant no ta yn Dútslân dien. De ynstallaasje fan Omrin is de earste yn syn soart yn Nederlân.