Soad foarkarsstimmen foar Hanemaaijer (CDA) en Soepboer (FNP)

22 nov 2018 - 18:55

Esther Hanemaaijer fan it CDA en Aant Jelle Soepboer fan de FNP binne de grutte stimmelûkers fan de weryndielingsferkiezingen yn Noardeast-Fryslân. Fan alle net-listlûkers krigen sy de measte stimmen. Hanemaaijer, de nûmer twa fan it CDA, krige hast in tredde part fan alle stimmen op it CDA: 1.165 fan de 3.761. Aant Jelle Soepboer stie op it ûnferkiesbere 16de plak by de FNP. Hy krige 584 foarkarsstimmen en komt ek yn de ried.

De stimmen foar eltse kandidaat waarden tongersdei bekendmakke yn sporthal de Doelstien yn Dokkum.

Hanemaaijer is wiis mei de foarkarsstimmen: "Je weet niet waar je op moet rekenen. Dit is echt en verrassing en ik ben er heel dankbaar voor." Hanemaaijer hie hast likefolle stimmen as CDA-listlûker Lieuwe Sytsma. Op him waard úteinlik 1.327 kear stimd.

Ek FNP'er Soepboer is bliid: "Geweldich dat de minsken safolle stimd ha. Uteinlik ha we it as partij dien, mar ik bin bliid mei de frijheid dy't ik krigen ha om myn eigen kampanje te fieren."

Aktyf op sosjale media

Sawol Soepboer as Hanemaaijer wie yn kampanjetiid hiel aktyf op sosjale media. "Hij is jong, hij spreekt aan bij een jong publiek. Én hij heeft een eigentijdse campagne gevoerd. Dat trekt een heel nieuw publiek aan", sei Hanemaaijer oer Soepboer. Hy wie ek posityf oer de kampanje fan de CDA'er: "Ik tink dat sichtberens hiel wichtich is. En as ik op sosjale media seach, dan kaam Esther konstant foarby op myn tiidline mei vlogs en foto'kes."

Ferkiezingsútslach Noardeast-Fryslân

Partij Stimmen Sitten Persintaazje
CDA 3.761 7 22,87
FNP 2.634 5 16,02
S!N 2.188 4 13,30
ChristenUnie 2.064 4 12,55
VVD 1.939 3 11,79
PvdA 1.570 3 9,55
Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân 1.085 2 6,60
ELP-NEF 947 1 5,76
Waddenpartij 258 0 1,57

In oare net-listlûker mei in soad foarkarsstimmen is Sjoerd Keizer fan S!N mei 381. Hy stie as twadde op de list, efter Jouke Douwe de Vries. S!N krige yn totaal 2.188 stimmen. Cootje Klinkenberg fan de PvdA - ek de nûmer twa op de list - krige 170 foarkarsstimmen. Yn totaal giene der 1.570 stimmen nei de arbeiderspartij.

Wa wurdt ynformateur?

De politike partijen fan Noardeast-Fryslân sitte tongersdeitejûn byinoar om te oerlizzen oer in mooglike ynformateur foar it nije kolleezje. De namme fan de beëage ynformateur wurdt freed bekend makke. Bekende nammen dy't rûngeane binne regionale CDA-kopstikken Sander de Rouwe en Joop Atsma.

It CDA wûn woansdei de weryndielingsferkiezingen yn Noardeast-Fryslân. Dy partij krige 3.761 stimmen en dêrmei 7 sitten. De FNP waard twadde mei 2.634 stimmen krige en dêrmei 5 sitten. De nije gemeenteried sil út acht ferskate partijen bestean. Allinnich de Waddenpartij helle net genôch stimmen foar in sit. It opkomstpersintaazje wie 46,37 persint.

De ynwenners fan Ferwerderadiel, Kollumerlân en Dongeradiel mochten nei de stimbus. Dy trije gemeenten foarmje fan 1 jannewaris ôf de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Harkje nei Esther Hanemaaijer en Aant Jelle Soepboer

(advertinsje)