It ferhaal efter de âldste kleurebylden fan Fryslân

Jierliks digitalisearret it Fries Film Archief tûzenen bysûndere films. Ek de films fan Aartje en Coos van Rijswijk út de jierren tritich sitte yn de kolleksje. It binne de âldste kleurebylden fan Fryslan. No, mear as 80 jier letter, fertelt bernsbern Wia Vermeire-Van Rijswijk oer it pear dat in húske hie op Flylân.
FH petear filmrubryk

In rike húshâlding

Aartje en Coos van Rijswijk wennen yn Den Haag doe't se filmen mei harren 16 mm filmkamera. Dit wie útsûnderlike en djoere aparatuer foar amateurfilmers. No wie it ek net samar in stel. De famylje wie ryk, om't Coos in belizzingsfûns hie.
Wia kin har bygelyks noch Suze heuge, it tsjinstfamke fan de famylje. Dy slepte ek yn it hûs, mei in trep yn de keuken koe se op har keammerke komme. Want it famke mocht net fia de gewoane trep. Dy trep is der noch hieltyd. "Ook het belletje heb ik altijd bewaard. Dat mochten wij dan rinkelen en dan kwam ze bijvoorbeeld de borden ophalen."
Coos en Aartje van Rijswijk © Omrop Fryslan

Aartje van Rijswijk

Wia kaam eartiids hiel faak by har pake en beppe op Flylân. Aartje, har beppe, filme in soad fan harren libben dêr. "Het was een geweldig lieve vrouw. Ze was vooruitstrevend, had bijvoorbeeld ook een rijbewijs. En ze stond liever achter de camera als ervoor. Dat alleen al is bijzonder."
Doe't Wia har heit stoar, kamen de films fan har pake en beppe pas boppe wetter. Se hat se tegearre mei har broer besjoen en werkende doe dat it films wiene op Flylân. "We keken altijd naar de films als we met mijn grootouders in Den Haag waren."
In pear jier letter hat se se by it argyf brocht.
Aartje van Rijswijk © Omrop Fryslan

Doaze fol films

It hûs op Flylân is noch hieltyd yn de famylje. Wia har heit hat it krigen doe't er it belizzingsfûns oernaam. Dêrnei hat ek Wia it wer fan har heit urven. Wia wennet no ek yn dat hûs. "Het is een prachtig huis en heeft veel geschiedenis. Er mankeert ook altijd wat aan, maar ik heb hier zoveel herinneringen."
En hjir is it ferhaal noch net ôfrûn, want Wia hat krektlyn noch in doaze fol films fûn. Dy sil se tegearre mei har broer besjen en eventueel ek nei it filmargyf bringe.