Kampioenskip Frysk damjen foar skoalbern wûn troch Italiaan

It kampioenskip Frysk damjen foar skoalbern is tongersdei wûn troch de Italiaan Davide Gemma. It kampioenskip waard dit jier foar de fjirde kear organisearre en waard holden yn it gebou fan Omrop Fryslân. It is in inisjatyf fan Stifting Wrâldkampioenskip Frysk Damjen (WFD) en Omrop Fryslân.
© Omrop Fryslân
Frysk damjen foar skoalbern
Sa'n sechstich bern fan seis ferskate basisskoallen, Fryske skoallen en ien út Italië, giene de striid mei elkoar oan foar de grutte bokaal. Foar elk potsje dat de bern wûnen, krigen se in punt en foar elk lyk spul krigen se in heale punt.
De wedstriid wie net samar beslikke. Tusken fjouwer bern gie it nekke-oan-nekke oant de finale. Trije beslissende finalepotsjes moasten útmeitsje wa't de winner fan dit jier waard. De Italiaan Davide pakte úteinlik de winst en krige de grutte wikselbeker mei nei hûs.
Groepspriis ek nei Italië
Der wie ek noch in groepspriis foar it team mei de measte punten. Dizze priis gie nei it team fan Davide, Damosta út Aosta yn Noard-Italië. Dêrneist mocht de folsleine top 25 in aardich presintsje útkieze.