Wer staking by Douwe Egberts op De Jouwer

22 nov 2018 - 16:40

Personiel fan it kofjefabryk fan Douwe Egberts op De Jouwer leit snein it wurk del. De wurknimmers wolle mei de staking fan in dei in bettere cao ôftwinge. It is de tredde aksje yn koarte tiid by it bedriuw. Fan snein op moandei staakte it personiel fan it teefabryk op De Jouwer en tongersdei wurdt der staakt by DE yn Utrecht.

Foto: Omrop Fryslân

De cao by Douwe Egberts rûn fan 't simmer ôf. In mearderheid fan de fakbûnsleden by DE hat it oanbod foar in nije cao ôfwiisd. Neffens de bûnen wol it bedriuw yn de nije cao ûnderskied meitsje tusken hjoeddeiske en nije wurknimmers, troch te besunigjen op de adv-regeling. Dat soe in nije wurknimmer fiif persint yn lean skele. De fakbûnen wolle dêr net oan. Se wolle ek in leansferheging en jild foar opliedingen foar meiwurkers.

Skealik

It bedriuw sei earder fan 'e wike dat in mearderheid fan it personiel net mei de aksjes meidie. DE fynt dat der in goed foarstel leit foar in nije cao. It bedriuw fynt it spitich dat der aksjefierd wurdt, want dat is allinne mar skealik, waard sein.

(advertinsje)