Dantumadiel nimt fertutearze swimbad De Frosk yn De Westereen oer

De gemeente Dantumadiel hat it eardere swimbad De Frosk oernaam fan in fêstgoedûndernimmer. Dy hie it pân de lêste seis jier yn eigendom. It stie leech neidat de eksploitant fan it swimbad fallyt gien wie. Dat soarge foar in soad oerlêst, omdat der jûns en nachts stikem minsken yn giene. Der waard ek nochal wat fernield.
© Google Streetview
De gemeente slút it terrein no better ôf en soarget der ek foar dat de rommel yn it gebou en deromhinne opromme wurdt. Ynwenners fan De Westereen meie mei de gemeente meiprate oer in nije ynfolling.