Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel bûge har oer bitende hûnen

22 nov 2018 - 16:02

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ha ôfspraken makke oer wat se dwaan moatte as hûnen minsken bite. De ôfrûne jierren kamen by beide gemeenten meardere meldingen binnen oer bytynsidinten mei hûnen. En dan wie net altiten dúdlik wat der barre moast.

Foarbyldfoto fan in herder - Foto: Shutterstock.com

Minsken witte net altiten wêr't se terjochte kinne mei meldingen of wêr't se oan ta binne as se in melding dogge. In spesjaal bytprotokol moat dat no feroarje.

Spesjaal bytprotokol

Yn de nije regels stiet wannear't in hûn as gefaarlik sjoen wurdt. De gemeente bepaalt oft der maatregels naam wurde moatte. Dan kin it gean om in bekbân of it yn beslach nimmen fan in hûn. De eigener fan in hûn kin beswier meitsje troch syn húsdier in gedrachstest dwaan te litten.

Op de dei dat beide gemeenten it nije protokol fêststelle is yn Hurdegaryp in bûvier yn beslach naam. Der wiene meardere meldingen dien oer it bist. De hûn sit no yn in opfangsintrum. Dêr kriget er in gedrachstest. Dêrnei wurdt besjoen wat der mei it bist barre moat.

(advertinsje)