Wa krijt dit jier de Fryske Anjer? De nominaasjes binne bekend makke

It bestjoer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat seis gadingmakkers keazen foar de Fryske Anjer 2018. Se ha allegear in rol spile by Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. It fûns hie earder al besletten dat de priis dit jier gean soe nei in projekt fan Kulturele Haadstêd. Ynwenners fan Fryslân koene de ôfrûne wiken gadingmakkers nominearje.
Hilda Snippe krijt de nominaasje foar de Fryske Anjer oerlange © Eigen foto
Ien fan de kânshawwers is Anna Tilroe fan it projekt fan de alve fonteinen. En Hilda Snippe is nominearre foar it tagonklik meitsjen fan kulturele eveneminten foar minsken mei in beheining. Fierder binne it projekt At the Watergate út Snits, de Grootste Gehaakte Deken, Myn Skip út Earnewâld en Grutsk út Ljouwert ek yn de race om de Fryske Anjer te winnen.
Op 7 desimber wurdt bekend wa't de priis krijt.
It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân rikt sûnt 1991 alle jierren de Fryske Anjer út oan persoanen, ferienings of ynstellings dy't har op in bysûndere wize ynset ha foar de Fryske kultuer of natuer. Eardere winners wiene ûnder oaren dichter Tsjêbbe Hettinga, toanielskriuwer Bouke Oldenhof, it Frysk Jeugd Orkest en sjongeres Elske DeWall.