Gemeenteried Hearrenfean te set oer Van der Valkhotels

22 nov 2018 - 14:28

De gemeenteried fan Hearrenfean sil yn jannewaris te set oer de twa inisjativen foar in Van der Valkhotel yn it plak. Der binne twa plannen binnenkaam, ien foar in hotel oan de Oranje Nassauleane, oan râne fan de wenwyk Skoatterwâld en ien by it Abe Lenstrastadion.

Foto: ANP

It giet om plannen fan twa ferskillende takken binnen de famylje Van der Valk. Der is lang praat oer de beide inisjativen. De gemeente hat earder merkûndersyk dwaan litten en ûndernimmers en ynwenners koene meiprate.

De gemeenteried kin daliks kieze út trije senario's: út ien fan de beide plannen of hielendal gjin nij hotel. Mocht de gemeenteried kieze foar ien fan de beide hotels, dan wurdt der in yntinsje-oerienkomst tekene dy't de inisjatyfnimmer ferplichtet om binnen 5 jier te bouwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)