Cambuur moat nei nûmer twa Den Bosch: "Natuurlijk liggen er kansen"

22 nov 2018 - 14:27

Cambuur spilet freed de útwedstriid tsjin FC Den Bosch. Den Bosch is de runner up yn de earste difyzje. De Brabanners wûnen de lêste acht wedstriden op rige. Sy stean no op in dield twadde plak yn de Keuken Kampioen Divisie.

Cambuurtrainer René Hake

Foar Cambuur dus in lestige opjefte, mar trainer René Hake sjocht lykwols mooglikheden. "Natuurlijk liggen er kansen. We moeten tussen de linies onze momenten vinden en gebruikmaken van de ruimte achter de defensie van FC Den Bosch."

Hake lit deselde spilers yn de basis stean dy't ferline wike ek begûnen tsjin Volendam. Dat betsjut dat Matthew Steenvoorden wer yn it sintrum fan de ferdigening stiet en dat Robin Maulun wer op it middenfjild begjint. Andrejs Ciganiks is net ynsetber. De Letse ynternasjonal is licht blessearre werom kommen fan syn ynterlânferplichtings de ôfrûne wike.

Robbert Schilder fan Cambuur

Cambuur giet fan 3 oant en mei 7 jannewaris 2019 op trainingskamp nei l'Alfàs del Pi, yn de Spaanske provinsje Alicante.

Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa; Maulun, Schils, Mathieu, Kallon; Van Kippersluis, Robertha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)