Westerener moat him behannelje litte foar syn agresje

22 nov 2018 - 14:18

In 22-jierrige Westerener dy't yn 2016 en 2017 belutsen wie by trije geweldsynsidinten, moat him ferplicht behannelje litte om oan syn agresje te wurkjen. De man is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in finzenisstraf fan 16 moannen en tbs mei betingsten.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De Westerener stuts ûnder oare in man yn syn earm en mishannele in buorfrou, dy't rûzje hie mei syn freondinne. Hy is faker feroardiele foar geweldsdelikten en hie in kannabisferslaving.

Hy sil no twa jier lang behannele wurde yn de forinsysk Psychiatryske Klinyk yn Assen. Dêrnei wurdt hy pleatst yn in ynstelling foar begelaat wenjen.

De man dy't troch de Westereneder stutsen waard, krige 3500 euro smertejild en 2800 euro foar oare kosten tawiisd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)