Boargemaster Skylge: "Je wilt hier niets te maken hebben met grootschalige hennepkweek"

Foar it earst yn de skiednis is der in himpkwekerij fûn op Skylge. Earder al hold de plysje sân minsken oan yn in ûndersyk nei de hannel yn himp en XTC.
Himpkwekerij op Skylge 2
Boargemaster Bert Wassink fan Skylge tinkt noch nei oer maatregels fanwege de fynst fan in himpkwekerij op syn eilân. It giet om de earste op Skylge en dêrom wol Wassink earst mei kollega-boargemasters oerlizze oer wat er dwaan sil. Want ek foar Wassink wie it in ferrassing. "We koesteren het gevoel van een veilige woonomgeving en dat vinden onze gasten ook belangrijk. Hennepteelt gaat gepaard met criminaliteit en daar willen we verre van blijven. Ook op Terschelling kan het, je wilt hier niets te maken hebben met grootschalige hennepkweek."
Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Wassink oer de himpkwekerij
"We moeten eens goed bekijken wat we gaan doen, afhankelijk van wat het onderzoek gaat uitwijzen", seit Wassink. "Ik heb ook contact met collega-burgemeesters van de vaste wal die bij het onderzoek betrokken zijn." De boargemaster tinkt deroer nei de wente te sluten. De plysje hat mear arrestaasjes net útsluten.
Yn njoggen wenningen binne tiisdei ynfallen dien. Dat barde fjouwer kear yn Harns en ek yn Easterbierrum, Drylts, Mûnein, Arum en West-Skylge. Yn Mûnein is in riedslid fan de gemeente Tytsjerksteradiel oppakt. De man is wer frij, mar bliuwt fertochte. Allinnich in 45-jierrige man út Harns sit noch fêst. De plysje hat by him in fjoerwapen fûn.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust op Skylge