Hockeyferiening Snits klear mei wachtsjen op tredde fjild

22 nov 2018 - 13:08

De hockeyferiening fan Snits wol dat de gemeente no einliks yn aksje komt om de oanlis fan in tredde fjild mooglik te meitsjen. De feriening freget der al jierren om, mar oant no ta bart der neffens de feriening neat. It soarget derfoar dat de hockeyklup al jierren net mear groeie kin.

Sa soe it tredde hockeyfjild lizze moatte neffens de feriening sels - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Goed twa wiken lyn kamen se dêrom mei in eigen plan foar de oanlis fan in tredde fjild. Mar ek dat plan waard troch de gemeente oan de kant skood om't it net helber wêze soe. Foarsitter Peter Oudemunnick is der fernuvere oer om't it plan berekkene en úttekene is troch in echt arsjitekteburo. "Daaruit blijkt dat het gewoon wel past, maar de gemeente wil het gewoon niet. Ze willen op die plek een supermarkt en geen derde veld."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei foarsitter Peter Oudemunnick

Ofwachtsje

De gemeente lit witte dat wat har oanbelanget de hockeyferiening rjocht hat op in tredde fjild, mar dat dêr op it hjoeddeiske plak gjin romte foar is. De gemeenteried hat der ek jild foar beskikber steld.

Der wie in alternative lokaasje oanbean yn Snits, mar de hockeyferiening hat dat ôfwiisd. Dêrtroch sil de hockeyferiening ôfwachtsje moatte wat der út de saneamde sportkarrûsel komt. Deryn binne de hockeyklup, fuotbalklups en de tennisferiening mei inoar yn petear oer wêr't hokker fjild komme moat.

De fuotbalferiening, dy't op it selde sportpark sit as de hockeyferiening, soe mooglik ferhúzje nei in oar plak, wêrtroch't romte ûntstiet. Mar de petearen dêroer binne noch altyd net klear. Dat betsjut dat de gemeente nei eigen sizzen op dit stuit neat foar de hockeyferiening betsjutte kin.

Unwisse takomst

Ek tennisferiening De Vliegende Bal sit dertroch mei de hannen yn it hier. Sy diele sportpark Tinga mei ûnder oaren de hockeyklup, mar no't der gjin tredde fjild komt is it mar de fraach oft de hockeyklup ek yn de takomst noch op it sportpark bliuwt. Mochten se fuortgean dan hat dat finansjele konsekwinsjes foar de tennisferiening.

Foarsitter Hans van den Broek is teloarsteld yn de gemeente. Benammen om't de gemeente wol tastiet om in supermerk op it sportpark te bouwen. Neffens Van den Broek is dat tsjin de eardere ôfspraken oer de takomst fan Tinga.

Hans van den Broek fan tennisferiening De Vliegende Bal

(Advertinsje)
(Advertinsje)