Projekt The List LF2018 yn Ljouwert stiet wer oerein, mar wol op in oar plak

22 nov 2018 - 11:56

It projekt The List, mei nammen fan flechtlingen dy't by harren reis ferstoarn binne, stiet wer oerein.

Foto: -

Ofrûne wike wiene de spandoeken, dy't opsteld wiene lâns de grêft oan de Nijstêd (Nieuwestad) yn Ljouwert, troch de hurde wyn yn it wetter waaid. It projekt yn it ramt fan LF2018 is no opsteld op it Beursplein yn de Ljouwerter binnenstêd. De 36000 nammen binne fan flechtlingen, asylsikers en migranten dy't oer de lêste 25 jier ûnder har flecht om it libben kaam binne.

Yn werklikheid hie de list noch folle langer wêze moatten, want de measte slachtoffers binne nea werom fûn. The List stie earder opsteld yn Liverpool, New York, Istanboel, Milaan, Berlyn en Barcelona. En no oant 26 novimber dus ek yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)