Fytsstroken komme werom: Strjitwei by Follegea wer feiliger foar fytsers

22 nov 2018 - 11:52

Pleatslik Belang Follegea-Jistergea is bliid mei it beslút fan de gemeente De Fryske Marren, dat de fytssuggestjestripen op de Strjitwei tusken Follegea en De Lemmer werom komme. It kolleezje sei dit woansdeitejûn ta, nei't in grutte mearderheid fan de gemeenteried in moasje hjir oer oannaam hie.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

By de resinte opknapbeurt fan de dyk ferdwûnen de reade fytsstripen. Om't de dyk dêrtroch breder liket, ride auto's folle hurder as earder. Dêrtroch fiele benammen fytsers harren net langer feilich. Bewenners kamen earder yn aksje, wilens doarpsbelang efter de skermen mei de gemeente yn oerlis wie.

Dat de suggestjestripen no werom komme, "fielt goed", seit Sjoerdtje de Visser fan Doarpsbelang. It leafst hie Doarpsbelang sjoen dat der in apart fytspaad komt, mar der is de dyk te smel foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)