IepenUP Vlog: Salah by The List yn Ljouwert

22 nov 2018 - 20:42

Twa jier lyn flechte Salah út Syrië wei. It hie net folle skeeld of hy stie op de The List of Refugee Deaths, in list mei 35.597 nammen fan flechtlingen dy't stoarn binne.

IepenUP Vlog: Salah by The List yn Ljouwert

"Het had weinig gescheeld of ik had er zelf op gestaan", fertelt Salah yn de vlog fan IepenUP. Wannear't Salah sjocht nei de grutte list mei nammen, komme der skokkende oantinkens by him nei boppen. It is in flashback nei de gefaarlike reis dy't hy mei syn famylje út Turkije wei makke.

De list mei nammen wie earst te sjen op de Nieuwestad yn Ljouwert, mar hat foar de kommende dagen in nij plak krigen op it Beursplein.

Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)