F-16's smite yn desimber wer bommen mei explosiven op de Vliehors

Fan 3 desimber oant 7 desimber traine F-16's mei it ôfsmiten fan bommen mei eksplosive lading op de Vliehors boppe Flylân. Ek Belgyske F-16's sille meitraine.
De Vliehors © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It binne 500-ponders dy't delsmiten wurde. It oefenjen is fan belang fanwegen ûnder oaren de missys yn Syrië en Irak.
De oefeningen binne alle dagen, moarns en middeis. Op freed wurdt der allinnich moarns oefene.