Motorrider naait út en botst tsjin stek nei efterfolging mei plysje

22 nov 2018 - 11:06

In 37-jierrige motorrider út de stêd Grins is dizze wike yn Drachten oanhâlden nei in efterfolging mei de plysje. De man hie gjin rydbewiis, ried ûnder ynfloed en hie harddrugs by him.

Foto: ANP Foto

De man hie gjin kentekenplaat op de motor en dat wie yn Grinslân al sjoen. By Drachten koe de motorrider ûnderskept wurde, mar hy naaide út.

De plysje gie mei twa auto's efter de man oan. Op de Tussendiepen is hy úteinlik tsjin in stek botst. De man rekke net ferwûne, mar syn motor is swier skansearre.

De fertochte is gjin ûnbekende by de plysje wat drugsdelikten oanbelanget. Hy sit yn Grins fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Drachten Grins motor
(advertinsje)
(advertinsje)