It duorret noch oant 22 febrewaris, mar dan is de iisfontein yn Dokkum ek klear

22 nov 2018 - 09:24

De lêste en alfde fontein fan it projekt 11Fountains is hast klear. It giet om de iisfontein yn Dokkum, dy't op 22 febrewaris te besjen is. En dat hat lang duorre.

De iisfontein - Foto: Provinsje Fryslân

"Presys plenne wie dreech, om't dit in unike en tige krekte put is", seit deputearre Sietske Poepjes. Yn desimber 2017 waard it wurk oan de iisfontein in tal wiken stillein troch de rjochter.

In ûndernimmer oan de Dokkumer Merk hie de rjochter frege om it wurk stil te lizzen, omdat se it net iens wiene mei de werynrjochting fan it plein en de komst fan de iisfontein. Fanwegen it komplekse wurk oan de fontein waard de iepening hieltyd útsteld. It wie "one hell of a job", sei meiwurker Theunis Bakker al.

Letter as dat we mei-inoar hope hiene.

Sietske Poepjes

"Dochs hopen we derop dat we de fontein noch dit jier opleverje koene", seit Poepjes. "De makkers fan de fontein wurken hurd en makken sichtber grutte foarderings. Mar it is ambachtswurk en kwaliteit is bepalend om de fontein goed funksjonearje te litten. De fontein komt der absolút, mar letter as dat we mei-inoar hope hiene."

De iisfontein komt op de Dokkumer Merk te stean.

(advertinsje)
(advertinsje)