Anne Jan Zwart is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau

22 nov 2018 - 08:05

Anne Jan Zwart is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige de fersiersels woansdeitejûn op it Provinsjehûs yn Ljouwert opspjelde troch kommissaris Arno Brok.

Zwart (l) mei Brok. - Foto: Provinsje Fryslân

Zwart waard by syn ôfskie as foarsitter fan de Club Diplomatique Fryslân beneamd. De Club Diplomatique bestiet út bedriuwen, organisaasjes en oerheden dy't sjen litte wolle dat Fryslân mear te bieden hat as toeristyske lokaasjes. Zwart hat woansdeitejûn it foarsitterskip fan de Club Diplomatique oerdroegen oan Gerlof Reijneker, direkteur fan Steinfort Glas BV yn Frjentsjer .

Zwart (63) hat jierrenlang lieding jûn oan it bedriuw ECOstyle. Yn syn tiid ferhuze it fan Appelskea nei it mei troch him opsette Ecomunitypark yn Easterwâlde. Dit bedriuwsterrein krige yn 2013 de heechste Europeeske ûnderskieding foar duorsumens.

(advertinsje)
(advertinsje)