Talantkoar BuitenGewoon fan Drachten: "Palermo, here we come!"

It koar BuitenGewoon fan Talant Drachten is útnûge foar in festival yn Palermo. Tegearre mei sjonger Frenk dos Santos fan Stifting Sterrenfabriek sil de groep op 7 desimber optrede yn de Kulturele Haadstêd fan Italië. Alle woansdeis binne de repetysjes foar it optreden. En dêr wurdt flink oefene.

Yn De Stijl nei Palermo

Krekt foar sânen streame de minsken binnen. Yn ien fan de gebouwen fan Talant yn Drachten wurdt woansdeijûn oefene foar it grutte optreden yn Italië. De sjongers binne klaaid yn klean mei it tema De Stijl, bekend fan Drachten, dy't spesjaal foar it evenemint makke binne troch Ruth Hut. Dos Santos ropt de groep by inoar en dan wurde earst de stimmen opwaarme.

Enerzjy

De Sterrenfabriek en it Talantkoar hawwe in soad nocht oan it optreden. "De enerzjy dy't se oerdrage, dat is geweldich om te sjen", fertelt Hilde Koopmans fan soarchgroep Alliade.
Faith van der Vlis is ien fan de dielnimmers fan it koar. Se koe it earst net leauwe dat se nei Palermo mochten. "Ik dacht dat het een Sinterklaasgrap was, of een kerstgrap. Ik geloofde het eerst helemaal niet. Maar toch doen we het allemaal maar weer", fertelt se.
Hilde Koopmans en Faith van der Vlis

Facebook

Fia in oprop op Facebook fan Ljouwert-Fryslân2018 rop it festival artysten op om har oan te melden. It festival frege spesifyk nei folkloare en it tema kryst. Dêrop reagearren ûnder oare it Talantkoor en Frenk dos Santos fan de Ljouwerter talintenskoalle Sterrenfabriek.
LF2018 keas dizze twa artysten út foar in konsert yn Palermo. Net allinnich om't se yn de programmearring fan 2019 opfoelen, mar ek om't se in gearwurking oangean wolle: foar it konsert en ek foar de takomst.