Kollum: "Eigen tradysjes"

22 nov 2018 - 07:27

"Dus Jenny Douwes stapt nei de Ried fan Europa. De frou dy't feroardiele is ta in taakstraf fanwegen har oprop ferline jier op Facebook om in demonstraasje fan anty-Swarte Pytdemonstranten te kearen, in casu, de A7 by De Jouwer te blokkearjen. Jenny fynt dat Friezen as erkende nasjonale minderheid it rjocht hawwe om har eigen tradysjes op eigen wize te fieren.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

It besetten fan diken begûn yn 'e âld Fryske tradysje earne oan it begjin fan de jiertelling. Dat wie doe noch op it wetter, want in protte ferfier, dat no oer de dyk giet, gie doe oer it wetter. Yn dy tiid hiest de saneamde Westerfrysken, dy't libben op it plak dat no foar in part diel fan Noard-Hollân is en foar in part opslokt is troch de Sudersee, de Iselmar, en de Swartefrysken, dy't benammen op de Waadeilannen libben fan it toerisme, krekt as no. En yn dy tiid begûn it, koart foar de krysttiid, en ek doe wie it net fier fan De Jouwer ôf, grappich genôch.

Healwei de Prinses Margrietrivier - no rjocht lutsen en letter is der noch in prinses nei ferneamd - by Terherne, sa giet it ferhaal, libben twillingbroers, jonge pubers dy't einliks wol tritich simmers efterinoar in jier as fjirtjin wiene en de iene simmerfakânsje mei de oare ôfwikselen. Dy hiene in âld automotor yn in opdrukker setten, en soene dêrmei it Prinses Margrietrivier ôffarre, om't se demonstrearje woene tsjin it deakneppeljen fan seehûntsjes. Dat wie in folkloare fan de Swartefrysken, dy't harren kultuer hielendal ophongen oan âlde symboalen en net feroarje woene as dat al diktearre waard troch de tiid, of Lenie 't Hart.

Einliks koe net ien yn Swartefrysken dat deakneppeljen wat skele. Eartiids brûkten se de hûd fan seehûntsjes om waarme klean fan te meitsjen. Mar doe't Frico Domo op grutte skaal suvelprodukten makke, sa as milde magere kwark en 20g krokante mueslimix met cranberry en vijg, skeaten de jongelju fan it âlde Fryslân de loft yn. Se waarden te lang foar de lytse stikjes seehûnehûd. En te grou doe't yn it jier nul Wopke Sûnderlân sjen liet hoe breed as je waarden fan in kombinaasje fan 'gelijke liggers' en biologyske fla. Fan doe ôf waarden de seehûntsjes einliks allinnich noch mar kneppele om't se dat altyd sa dien hiene.

No ja, dat fûnen de 'gebroeders' dus net sa aardich, dus sy op nei Dokkum. Der woe ek noch ien of oare misjonaris mei, iene Wynfreth of sa, en dat hie hy miskien better net dwaan kinnen. Afijn, earne by Terherne begûn dat dus: in blokkade. De Swartefrysken hiene heard fan de aksje, troch it t'wetter, doe in belangrike drager fan berjochten, en se giene der dwers foar lizzen.

"We wolle kneppelje", seine se, "net om't it earne goed foar is of omdat we it nedich ha, mar we ha it gewoan altyd sa dien!" Se moasten neat fan de twilling ha. "Foar ús bern!" rôp der ien, en dat wie fansels ûnsin, mar wol knap fûn, as 'drogreden' út de arkkiste fan de argumintaasjelear - doe in belangryk fak oan 'e universiteit fan Frjentsjer.

"Mar," seine de bruorren, "dat is dochs hielendal net leuk?" Mar se wiene noch net útpraat of de Swartefrysken begûnen leuzen te skreauwen as "Hoerenjong! Slet! Vuile bolletjesslikker!" De jonges seagen inoar ris oan en tochten: wêr giet dit oer? "Hoer van de zwarten!" En doe begûnen se mei eien te goaien en stutsen de rjochter earm omheech, hiel raar. "Cambuuuuuur!" Cambuur wie yn dy tiid in sûpkeet, en dêr is letter noch in fuotbalklup nei ferneamd.

En sa is it begûn, hjir, yn it jier nul, mei dy âld Fryske nasjonale minderheidstradysje fan it blokkearjen fan grutte diken. Jierrenlang, desennia, nee, iuwenlang is dat blokkearjen folhâlden. Leau de praatsjes net fan de minsken dy't sizze dat it pas sûnt in pear desennia bestiet, en ik hoop dat no nimmen it mear ferjit. Dat rymt, dus it is wier.

Letter is de folkloare fan it blokkearjen dus oergien nei earst de provinsjale diken, en letter de rykswei. Mar dy ferrekte Hollanners - dochs in bytsje oerbliuwsel fan dy Westerfryskers, sitte mar dwers te dwaan en te seuren en snappe neat fan deeglike en ûnskuldige tradysjes, wêr't nea ien mei in witte hûdskleur ea lêst fan hân hat. It is in hiele goede saak dat Jenny Douwes, dus nei de Ried fan Europa stapt, om dizze misstân foar goed út de wrâld te helpen. Holpen troch in twilling."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)