Froulju fan Fryslân: alleskinner Tytsje Porte fan Stiens

22 nov 2018 - 07:23

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy't wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is âld-learares, boerinne en beppe Tytsje Porte fan Stiens.

Froulju fan Fryslân: alleskinner Tytsje Porte fan Stiens

Yn de ôflevering fan 22 novimber is it waarm yn de brûnsjitterij. Alle bylden fan Froulju fan Fryslân wurde getten. It smolten brûns fan mear as 1000 graden wurdt yn de mallen getten. Tytsje is derby. Har bernsbern Anne nominearre har foar in stânbyld. Sa aktyf en foarútstribjend as har 'beppe' is, hopet sy letter ek te wurden. Tytsje (72) út Stiens hat in eigen buorkerij en in drok, wurksum libben efter de rêch as hânfeardigenslearares.

Wa is Tytsje?

Tytsje wennet allinnich op har eigen in buorkerij tusken Stiens en Sint-Anne. Se is mem en beppe en in tige ynspirearjende, ûndernimmende, eigensinnige frou. Tytsje stiet dan ek model foar de hjoeddeiske mem en beppe. Dêrneist hat se in grut hert foar Fryslân: de taal, it reedriden, it keatsen en de kultuer. Tytsje waard nominearre troch har dochter, skoandochter én bernsbern.

Tytsje, hoe fûnst dyn nominaasje?

"Ja, dat fûn ik eins bêst wol moai. Meastentiid wurde sokke moaie dingen pas sein by de begraffenis, mar ik hear it no al! Liket hast wol wat op dy reklame ;)"

Hoe hast de hektyk fan alles om Froulju fan Fryslân hinne belibbe?

"Ik fûn it bêst wol lestich. Der binne sa'n soad minsken dy't safolle mear of oare saken dogge as my. Foar al dy minsken haw ik grut respekt. Oarsom hawwe dy minsken dat miskien ek wol foar my."

Wat stiet der op Tytsje har boarstbyld?

"In hiel soad saken leinen fêst yn myn tiid, hielendal yn it boerelibben. Ik haw my dêr net troch wjerhâlde litten, ik ha studearre en wurke. Dat wol ik graach meijaan: doch watst sels wolst."

Fan it maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy't in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr't in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

(Advertinsje)
(Advertinsje)