Ferneamd papier-masjeeskip nei Neushoorn

It skip De Lading sil by guon net fuortendaliks in beltsje rinkeljen dwaan. Dochs helle it gefaarte yn 2011 faak it nijs. Keunstner Marten Winters besocht doe om mei hûnderten frijwilligers in echt skip fan papier-masjee te meitsjen. Uteinlik slagge him dit, en koe it yn 2013 te wetter litten wurde. Dêrnei waard it wat stil om De Lading hinne, oant no. It ferneamde skip sil brûkt wurde om it kulturele haadstêdjier ôf te sluten. It skip komt op in plein by poppoadium Neushoorn yn Ljouwert te lizzen. Woansdeitejûn waard it skip ferfierd fan yndustryterrein-West nei it sintrum fan de stêd.
Skip Marten Winters
It is de bedoeling dat frijwilligers en oare entûsjastelingen de kommende lêste dagen fan LF2018 it skip beskriuwe mei de tekst 'Wat nu?'. De Lading is op dit stuit folslein yn plestik ynpakt. "Dat ferwiist nei de takomst", seit Winters. "Wy hawwe in prachtich jier hân, mar hoe geane we fierder? Dat is de fraach." Op sneon wurdt de ynstallaasje ôfsluten en wurdt de nije namme fan it skip bekend makke.

Plak foar keunstners

Winters wol fan it skip in briedplak meitsje foar keunstners, Elkenien dy't in moai idee hat, kin dat útwurkje yn it skip. "Dat is myn grutte winsk. Want dat betsjut dat we fierder kinne, ek nei 2018."
Sjoch hjirûnder nei in reportaazje út 2013, doe't it skip te wetter litten waard.

De Skiednis

It skip De Lading waard sân jier lyn boud, tegearre mei in hiel soad Ljouwerters dy't it skip mei harren ferhalen fol skreaune. Op 11 septimber 2011 waard it gefaarte út de Blokhúspoarte takele en te wetter litten yn de Prinsetún. It skip wie lykwols lek mei hûnderten miniskule gatsjes, en waard wer op it drûge helle.
Twa jier letter yn 2013 koe it skip wol folslein wetterticht it aventoer oan. Winters is doe mei syn kreaasje it Waad oer fearn, fan Ljouwert nei Flylân.