Skuorre wierskynlik yn de brân stutsen yn Warten

In skuorre fan in kuorbalklup oan de Leechlân yn Warten is woansdei wierskynlik yn de brân stutsen. Dêrby is in bytsje asbest frijkaam.
© Anton Kappers
De plysje is op syk nei in jonge fan 17 oant 19 jier âld. Hy hat koart hier en hie in spikerbroek oan. Ek wie der in famke by him, mei donker hier en in bûntkraach. It is net krekt dúdlik wat der yn de skuorre opslein wie.