Blydskip en fernuvering by partijen nei ferkiezingen Noardeast-Fryslân

21 nov 2018 - 23:27

Lieuwe Sytsma fan it CDA is in blier man. Syn partij is de grutte winner by de weryndielingsferkiezingen yn Noardeast-Fryslân. Want ek al kinne minsken tinke dat it foar it CDA in maklike race is yn dizze regio, neffens him is dat perfoarst net it gefal. "Wy sitte net op in eilân, der komme nije partijen en dus it is net fanselssprekkend dat je de grutste wurde."

De earste reaksjes

"Je moatte derfoar wurkje", sa seit Sytsma fuort nei't de útslach bekendmakke is. Neffens him is it net in spesifyk stânpunt fan it CDA dat derfoar soarge hat dat se no mei sân sitten de grutte winner wurden binne. "Ik tink dat it fertrouwen yn de partij op himsels wichtich west hat."

Ien sit foar ELP-NEF

Nije partij ELP-NEF hie heech ynset by de ferkiezingen, mar Johan Talsma moat it mei mar ien sit de kommende jierren allinnich dwaan. "Wy snappe it net, der wie in soad ûnfrede en dochs stimme minsken op deselde partijen", sa seit er fuort nei de útslach bekend wurdt. Dochs makket dy earste teloarstelling ek al gau wer plak foar optimisme en gruttere plannen. "Ik sliep sawiesa goed, wy binne yn in koart skoftke tiid as partij grut wurden."

Op de fraach oft ELP-NEF miskien oanskowe wol by eventuele koälysjepetearen is Talsma dúdlik: "Wy kinne altyd prate, as se ús nedich binne dan kinne se ús altyd fine. Mar de grutste moat earst sjen wat se wolle." De partij hopet noch op in twadde sit, as de definitive útslach freed bekendmakke wurdt.

Foto: Omrop Fryslân

FNP wol oan tafel

Foar't it CDA der mei de winst fan tusken gie like it der eefkes op as soe de FNP de grutste wurde, Dat de partij no twadde wurden is, is foar FNP-foarman Bert Koonstra net al te bot in teloarstelling nei dy earste flaach fan hoop. "Litte wy earlik wêze, doe wiene der noch net sa'n soad stimmen teld."

As twadde partij liket it logysk dat de FNP oanskowe sil by eventuele koälysjepetearen. De oars sa direkte Koonstra hâldt dêroer no de kaarten tsjin it boarst. "Wy hawwe gjin foarkar, der binne guon partijen mei fjouwer sitten en oare mei trije. Ik kin bepaalde saken no wol útsprekke, mar wy moatte earst mei-inoar om tafel."

Sûnder sit

De ried fan Noardeast-Fryslân sil de kommende jierren bestean út acht partijen, mar dat hiene der njoggen wêze kinnen. Alex Hazelaar is mei syn Waddenpartij de grutte ferliezer. "Het was hartstikke leuk om te doen! Alleen was het wel leuk geweest als we een zetel hadden gehaald." De iene sit hie neffens Hazelaar helpe kind om minsken op oare gedachten te bringen. No moat er dat fan de publike tribune ôf dwaan. "Een zetel of niks was altijd al de inzet, en het is niks geworden, dat is jammer."

Listlûker Lieuwe Sytsma fan it CDA

Bert Koonstra fan de FNP

Jouwe Douwe de Vries fan SIN

Jelle Boerema (VVD) en Johan Talsma (ELP-NEF)

(Advertinsje)
(Advertinsje)