Foppe by IepenUp: "De fuotbalfroulju binne iepen en earlik nei-inoar ta"

21 nov 2018 - 23:26

De spilers fan it Nederlânske frouljusalvetal binne sa serieus en rjochte op har doel, dat der net gau in grapke ôf kin. Foppe de Haan koe woansdeitejûn op it poadium fan IepenUP Live gjin inkele humoristyske anekdoate oan it publyk kwyt. "De froulju binne yn alles iepen en earlik nei-inoar ta en dêr past gjin humor by." Lokkich foar de taskôgers, dy't krekt nei Neushoorn Café kommen wiene foar in jûn fol fuotbalferhalen, koe De Haan wol smaaklik fertelle wat er op trainingskampen mei manlike fuotballers meimakke hat.

Foppe by IepenUp: "De fuotbalfroulju binne

Ek sjoernaliste Stephanie Hoogenberk fan it fuotbalblêd Hard Gras krige it publyk oan it laitsjen mei har relaas oer de koarte trip nei it houlikshotel fan Wesley Sneijder en syn Yolanthe. Skriuwer Barry Smit ûnderstreke nochris dat je de fuotbalwrâld literêr benammen úttekenje kinne mei drank, hoeren, ôfsjen, fanatike supporters en kammeraatskip.

Volkskrant-kolumnist Peter Middendorp en de Fryske dichters Syds Wiersma en Arjan Hut lieten hearre hoe't fuotbalferhalen ek oerset wurde kinne ta suvere literatuer. De Ljouwerter sportfotograaf Henk-Jan Dijks, dy't foar syn berop de hiele wrâld oer reizget, liet mei tsien fan syn moaiste foto's sjen hoe't ek it byld de emoasje fan in fuotballer treffend fange kin.

Foto: Omrop Fryslân

Ald-trainer fan Cambuur Henk de Jong, dy't no aktyf is foar De Graafschap, hie syn komst wol oankundige, mar moast spitigernôch ôfberjocht dwaan. Yn in spesjaal foar IepenUP Live opnommen reportaazje traktearre hy de seal op smaaklike ferhalen oer de kweajongesstreken fan syn spilers. En alles fansels op trainingskamp, fier fan hûs en frou. En gauris mei in soad drank op. En in soad skea oan klaai- en hotelkeamers, "mar de skea waard troch de minsken nei ôfrin altyd kreas betelle", sa einige De Jong hast alle kearen syn ferhaal.

Sportsjoernalist Ate de Jong hie de hast ûntankbere taak om yn dit live-geweld de ôfwêzige De Jong op it poadium te ferfangen. Hy die dat mei ferve troch inkele ferhalen mei it publyk te dielen út it boek dat er tegearre mei de trainer skreaun hat.

Nije wike woansdei is IepenUP Live op 'en nij yn Neushoorn Café mei as gaste Jet van Nieuwkerk.

Trefwurden: 
fuotbal IepenUP Foppe de Haan
(Advertinsje)
(Advertinsje)