CDA grutste partij Noardeast-Fryslân, foar FNP en S!N

21 nov 2018 - 22:50

It CDA is de grutte winner wurden fan de weryndielingsferkiezingen yn Noardeast-Fryslân. Dy partij krige 3.761 stimmen en dêrmei 7 sitten, wylst de FNP 2.634 stimmen krige, en dêrmei 5 sitten behelle. De nije gemeenteried sil út acht ferskate partijen bestean. Allinnich de Waddenpartij helle net genôch stimmen foar in sit. It opkomstpersintaazje wie 46,37 persint.

Listlûker Lieuwe Sytsma fan it CDA - Foto: Omrop Fryslân

Al nei it tellen fan de earste pear stimlokalen kaam in byld nei foaren dat it CDA en de FNP om de ultime winst stride soene. It bleau oant de ein spannend, mar úteinlik luts dochs it CDA oan de langste ein.

De striid tusken it CDA en de FNP bleau lang spannend. Earder op de jûn wie Lieuwe Sytsma fan it CDA dan ek noch wol wat senuweftich. "Ik haw it swit yn de hannen." Sytsma wurket op dit stuit noch yn it ûnderwiis, en tinkt dat er in drokke tiid temjitte giet. "Ik sjoch it programma fan de kommende wiken, dit wurdt sneins wurkje, dat kin net oars. Mar je moatte bliid mei wêze mei dit resultaat."

De folsleine útslach

Partij Stimmen Sitten Persintaazje
CDA 3.761 7 22,87
FNP 2.634 5 16,02
S!N 2.188 4 13,30
ChristenUnie 2.064 4 12,55
VVD 1.939 3 11,79
PvdA 1.570 3 9,55
Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân 1.085 2 6,60
ELP-NEF 947 1 5,76
Waddenpartij 258 0 1,57
(Advertinsje)
(Advertinsje)