FNP wol prate oer tastean lytse wynmûnen

21 nov 2018 - 22:45

De FNP wol prate oer it tastean fan wynmûnen oant 15 meter heech. Dat sei foarsitter Cees van Mourik woansdeitejûn yn it Omrop-programma Fryslân Kiest. "We ha kommende freed in algemiene ledegearkomste. Dan moatte de leden deroer beslute."

FNP tinkt nei oer tastean wynmûnen

"Op de ledegearkomste is in amendemint op it ferkiezingsprogramma, oft we de lytse wynmûnen fan 15 meter tastean moatte." It partijbestjoer hat it sels leaver net. "Dat bestjoerlike stânpunt is dúdlik", seit Van Mourik. "Mar as de leden it al wolle, dan dogge we dat."

De diskusje fiere

"It past yn it lânskip, se binne kwealik heger as guon beammen, kwalik heger as guon pleatsen. Dus moatte we it tastean of net? Dat lizze we foar oan de leden", seit Van Mourik. "Fan dy grutten fan 250 meter sizze we: dy wolle we net op it lân ha. Mar oer de lytse wynmûntsjes moatte we de diskusje gewoan fiere."

Earder wie de FNP ek altyd tsjin lytsere wynmûnen. "Mar de politike werklikheid is oars", seit Van Mourik. "Gemeenten moatte in boufergunning foar dy dingen ôfjaan. As de gemeente seit: dy kinne jim krije, dan ha we dat te akseptearjen."

Trefwurden: 
FNP wynmûne Cees van Mourik
(Advertinsje)
(Advertinsje)