Doarpsbelang Bakhuzen, Murns en Riis wol gjin sânwinning yn de Iselmar

21 nov 2018 - 21:23

It doarpsbelang fan de doarpen Bakhuzen, Murns en Riis skriuwt oan de gemeenteried fan De Fryske Marren yn in brief dat se tsjin binne op de sânwinning foar de kust fan Aldemardum en Murns. Earder dizze moanne sei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders dat de sânwinning trochgean koe. Se lizze it bestimmingsplan mei in posityf advys foar oan de gemeenteried.

It sanwinningseilan sa as it der neffens Royal Smals utsjen giet - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

Doarpsbelang jout yn de brief fjouwer arguminten wêrmei't se útlizze wêrom't se tsjin de sânwinning binne. "De zandwinning doet een inbreuk op het landschap en de natuur van Gaasterland en heeft negatieve effecten op de biodiversiteit die toch al onder druk staat", stiet yn de brief. Boppedat leit de lokaasje yn in read Natura 2000-gebiet.

Yn de miljeu-effektrapportaazje is neffens it doarpsbelang de oerlêst foar de omjouwing net goed genôch beoardiele: "De invloed van licht en geluid op mens en dier zijn gebagatelliseerd. Het risico op afnemend toerisme en ontvolking is niet onderzocht."

"Kennelijk ziet men bij de landelijke overheid het IJsselmeer meer als een gewin-gebied dan als een natuurgebied", stiet yn de brief.

En neffens it doarpsbelang past it plan ek net yn de omjouwingsfisy. "Van de raad en het college van B&W mag worden verwacht dat deze trouw blijven aan de eigen visie."

Mearderheid tsjin

It doarpsbelang hat nei eigen sizzen mei in soad minsken praat en de mearderheid is tsjin de sânwinning. Ek minsken dy't earst foarstanner wiene, soene nei it hearren fan de tsjinarguminten fan miening feroare wêze. "Dorpsbelang roept u dan ook op uw verantwoordelijkheid te nemen en dit onzalige plan te stoppen. Laat u ook overtuigen van grote bezwaren die onder de inwoners Bakhuizen, Murns en Rijs leven", skriuwt it doarpsbelang. Mei as ôfsluter: "Er is voor u maar één juiste keuze, deze zandwinning stoppen."

Earder lieten ferskate omwenners en natuerorganisaasjes al witte dat se tsjin de plannen binne. It docht neffens harren skea oan natuer en omwenners binne benaud foar oerlêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)