Man út Nes (74) krijt wurkstraf foar wytplantaazje

In 74-jierrige ynwenner fan Nes (Dongeradiel) is woansdei feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren foar syn belutsenheid by in himpkwekerij. Neffens de plysjerjochter hat de man ek jild fertsjinne oan de himptylt.
Rjochter © Shutterstock.com
De plysje die yn oktober 2016 in ynfal yn de pleats fan de fertochte. Yn de skuorre fûn de plysje op de souder in profesjonele wytplantaazje mei 505 planten. De stroomkabel kaam út de wenning wei. De man út Nes sei dat er neat wist fan de kwekerij en ek net fan de yllegaal ôftape stroom. De man tinkt dat it leit oan trije minsken dy't geregeld op syn buorkerij wiene en wurk foar him diene. De plysje hat it trijetal heard, mar dy wisten fan neat.

Himpôffal yn de auto

De offisier fan justysje sei dat der in pûde mei himpôffal yn de auto fan de Nesser fûn wie en easke in wurkstraf fan 80 oeren. Justysje woe ek dat er it jild dat er mei de himp fertsjinne hie - sa'n 15.000 euro - betelle oan de Steat.
Foar it yn besit hawwen fan de himp feroardiele de rjochter him. Mar neffens de rjochter koe it net bewiisd wurde dat de man ek belutsen wie by de tylt. Dêrom joech er him in wurkstraf fan 80 oeren. It finansjele foardiel bepaalde de rjochter op 5.000 euro. De plysje hie al 5.850 euro yn beslach naam, dus krijt de fertochte noch 850 euro werom fan justysje.