LIVE: Fryslân Kiest, mei de útslaggen fan Noardeast-Fryslân

21 nov 2018 - 20:05

Fan de prognoaze en de earste útslaggen oant en mei de analyze en alle reaksjes. Mei it programma Fryslân Kiest bringe Omrop Fryslân en RTV NOF woansdei 21 novimber elkenien as earste op 'e hichte oer de weryndielingsferkiezingen yn Noardeast-Fryslân.

De útslaggejûn fan 'Fryslân Kiest' is by Omrop Fryslân fan 20.00 oere ôf op radio en fia boppesteande livestream op ynternet te folgjen en om 21.00 oere ek op telefyzje. By RTV NOF sil de útslaggejûn op alle kanalen om 20.00 oere úteinsette.

De presintaasje fan de útstjoering út de IIsherberch yn Dokkum wei is yn hannen fan Jan Dirk de Haan en Andries Bakker. Sy ûntfange gasten en skeakelje live mei ferslachjouwers René Koster (Omrop Fryslân) en Bouke Koning (RTV NOF) dy't in besite bringe oan de weryndielingsgemeenten. Dêrnjonken helpe de frijwilligers fan de streekomrop RTV NOF by de technyske realisaasje.

(advertinsje)