FIDEO: Fuotbalferhalen yn IepenUP Live

21 nov 2018 - 22:40

Wat is der no moaier as prate oer fuotbal? Neat fansels! Yn IepenUP Live wie der woansdeitejûn dan ek mar ien ûnderwerp, mar wol mei in skala oan gasten.

  • Foppe de Haan
  • Fotograaf Henk Jan Dijks hie it oer syn tsien moaiste fuotbalfoto's
  • Kollumnist Peter Middendorp oer syn leafde foar FC Emmen
  • Stephanie Hoogenberk oer in feest fan Wesley en Yolanthe dêr't se west hat
  • Ate de Jong oer syn biografy oer Henk de Jong
  • Skriuwer en AZ-fan Barry Smit
  • Jeroen Siebelink oer Dick Nanninga
  • Syds Wiersma mei gedichten fan Eppie Dam oer Fryske amateurfuotballers.

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)