Sinnepanielen op terminals fan Doeksen yn Harns

21 nov 2018 - 19:16

It dak fan de terminal fan rederij Doeksen yn Harns hat tenei sinnepanielen. Der lizze 280 op en dy moatte sa'n 74.000 kWH opsmite. "Dat is 20 tot 25 procent van de energie die in Harlingen wordt gebruikt voor de kantoren, terminal, terreinen en als walstroom voor onze schepen", fertelt Richard de Vries fan de rederij.

De sinnepanielen yn Harns - Foto: Rederij Doeksen

"Het is een mooie, concrete stap om onze duurzaamheidsdoelstellingen verder te verwezenlijken", seit De Vries.

Ek de terminals fan Flylân en Skylge krije de kommende wiken sinnepanielen: respektyflik 166 en 173.

(advertinsje)
(advertinsje)