It 150 jier âld Frysk jacht Mercurius hat nije eigeners

21 nov 2018 - 18:58

Op je 150ste jierdei ferkocht wurde; dat is wat it Fryske Jacht de Mercurius dit jier oerkaam is. Tiisdeitemiddei is it skip offisjeel yn Grou oerdroegen oan Berend Mink, Allard Slagman en Jaap Meijer troch bank ABN AMRO dy't it skip fan 1979 ôf hie.

It 150 jier âld Frysk jacht Mercurius hat nije eigeners

De bank brûkte it skip hieltyd minder en woe it wol kwyt oan immen dy't der goed foar soargje koe en woe. Ald-skûtsjeskipper Berend Mink fart al fan 2000 ôf as skipper op de Mercurius en kin mei help fan de twa oare nije eigeners ek skipper bliuwe.

Ferrari ûnder de Fryske jachten

Mink wol it houten skip, mei skipper, ferhiere. De merk hjirfoar wurdt stadichoan wat better, seit Mink. Ek sil it skip ynset wurde foar wedstriden fan keninklike sylferiening Oostergoo. It is yn 1868 boud troch Eeltje Holtrop van der Zee en dy makke neffens Mink de Ferrari's ûnder de Fryske jachten.

De âlde en de nije eigners stean klear foar de offisjele oerdracht. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)