Tenei trije Fryske bands by de Grote Prijs van Nederland

21 nov 2018 - 18:44

Der dogge kommend jier trije bands út Fryslân mei oan de Grote Prijs van Nederland. De poptalintejacht hat mei alle regionale popkoepels ôfpraat dat de winners fan provinsjale wedstriden automatysk trochstreame nei de finale fan de Grote Prijs.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Yn 2019 dogge dêrtroch de indy rockband Lester Blackfield út Harns, it rapduo Ski and Simba út Ljouwert en de singer-songwriter Sarah Sötemann út Lekkum mei yn de finale. Dy is fan 28 oant en mei 30 maart yn de Q-factory yn Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)