Hea! De Molkbusseman fan Tsjerkgaast wol alle 173 eksimplaren

21 nov 2018 - 18:15

Oene Tjalsma fan Tsjerkgaast sammelet en restaurearret molkbussen fan alle 173 koöperative Fryske suvelfabriken. "Se binne net altyd like moai as ik se hjir krij, dus der sit wat wurk oan. Ik wol se allegearre wat deselde kleur hawwe: metaalkleurich." Hy hat mei-inoar no sa'n 70 molkbussen en in stik as 40 dêrfan binne ferskillend. De fraach is oft hy ea syn samling kompleet krije sil.

REPO Molkbusseman

Oene is no in pear jier mei syn samling dwaande. It begûn doe't hy in oldtimertrekker kocht en opknapte. "In trekker is makke om wat te lûken, oars kinne je ek wol mei de fyts de dyk út gean", seit er. Dêrom kaam efter de trekker in molkwein út 1950 dy't er ek opknapt hat. "Fan it ien komt it oar, want der moast wol wat op de wein. Sa kaam ik op it idee om molkbussen te sparjen." Oene hellet se út it hiele lân fia Marktplaats.

De measte suvelfabriken binne ticht gien yn de sechstiger en santiger jierren mei de opkomst fan gruttere suvelbedriuwen as Frico en Domo, dêr't de lytse fabrykjes by oansluten. De molkbus waard dêrom ein santiger jierren ôfskaft en boeren moasten in molketank oanskaffe.

Foto: .

Net kompleet

Mei de bussen op de molkwein rydt Oene nei oldtimereveneminten. Dêr kriget er in soad reaksjes en dan komme de ferhalen los. En sa komt hy ek wer oan nije eksimplaren foar syn samling. It wurdt wol dreech om de kolleksje kompleet te krijen. "Guon fabrykjes binne al hiel lang ticht of hawwe mar in pear jier bestien. En der binne minsken dy't tinke dat in molkbus fan goud is, dat is it my no krekt net wurdich. Om de 20 euro hinne, dan moat it foar my wol klear wêze."

Disel yn it bloed

Heit Oene hat de leafde foar oldtimertrekkers oan syn bern Jan en Jinke trochjûn. "Je moatte in bytsje disel yn it bloed hawwe, oars wurdt it neat mei sa'n hobby", seit Jan. "En je moatte in bytsje handich wêze, oars kinst fan sa'n âld stikje izer net wat moais meitsje." Oene hopet dat syn bern njonken de oldtimertrekker ek syn samling molkbussen oernimme sille. Mar dêr tinkt syn dochter Jinke oars oer. "It is aardich, mar wy hawwe der minder mei as ús heit."

Tips?

Oene moat noch sa'n 135 eksimplaren foar syn kolleksje. Tips kinne jo maile nei hea@omropfryslan.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)