FIDEO: Weromsjen op LF2018

Jierren is der nei ta libbe: it kulturele haadstêdjier. En no sit it der hast alwer op. Dizze wike is offisjeel de lêste wike fan LF2018, ek al duorret it jier 2018 langer. Mei trije wiken Re-opening besiket de organisaasje op in orizjinele wize in ein te breidzjen oan in lang mar tige slagge jier. Wêr't it begûn mei de nedige skepsis, is LF2018 úteinlik útgroeid ta in sukses. Ferslachjouwers Karen Bies en Wendy Kennedy hawwe it hele proses folge, fan de tarieding, oant de útfiering (alle útfieringen). Sy sjogge tegearre mei Kirsten van Santen fan de Leeuwarder Courant, yn Fryslân Hjoed werom op in bysûnder jier.
FIDEO: Weromsjen op LF2018

Talkshow

Omrop Fryslân is der snein op de alderlêste dei ek by as LF2018 ôfsluten wurdt. Yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante stjoere wy op snein 25 novimber om 17:30 in talkshow út op TV en ynternet. Presintaasje is yn hannen fan Karen en Kirsten. Sy sjogge op de alderlêste dei werom en prate mei de haadrolspilers.