Meldingen by diskriminaasjeburo Tûmba om Swarte Pyt

21 nov 2018 - 17:02

Der binne by diskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert de ôfrûne moanne tolve meldingen binnenkaam nei oanlieding fan Swarte Pyt, de yntocht en de rjochtsaak tsjin de A7-blokkearders. Dat is sân persint fan it tal klachten dy't se gewoanwei it jier krije by Tûmba.

Meldingen by diskriminaasjeburo om Swarte Pyt

Njoggen klachten kamen fan tsjinstanners fan Swarte Pyt en trije fan foarstanners. De tsjinstanners fiele harren diskriminearre troch ferskate uteringen, bygelyks op sosjale media. Mar ek foarstanners fan Swarte Pyt fiele harren diskriminearre: bygelyks troch justysje, fanwege de útspraak yn de rjochtsaak tsjin de A7-blokkearders en troch it byld dat fan harren sketst wurdt yn de media.

Meiwurkers fan Tumba monitoare dirskriminaasje - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)