Haadfertochte fan moard op Fries yn Tadzjikistan krijt libbenslang

De haadfertochte fan de oanslach op fytstoeristen yn Tadzjikistan ôfrûne july, wêrby't fjouwer deaden foelen ûnder wa de 56-jierrige âld-Drachtster René Wokke, is feroardiele ta libbenslang. It giet om de iennige fan de fiif oanslachplegers dy't noch libbet.
It plak fan it barren yn Tadzjikistan © AKHBOR
Twa oaren moatte oant sechstjin jier de finzenis yn, en tolve manlju hawwe oardel oant twa jier selstraf krigen. Sy soene op de hichte west hawwe fan it plan foar de oanslach, mar dêr fierder neat mei dien hawwe.
In proses tsjin de manlju wie efter sletten doarren yn de finzenis. Ynternasjonale waarnimmers en famyljeleden fan de slachtoffers of dieders mochten net by de behanneling fan de saak wêze. Ek de parse wie net wolkom.