Ljouwerter oanhâlden foar it stellen fan 15 kompjûterspultsjes

21 nov 2018 - 15:15

In 25-jierrige Ljouwerter is tiisdei by winkelsintrum De Sintrale yn de stêd oanhâlden nei't hy foar hast 1.000 euro oan kompjûterspultsjes stellen hie.

Arrestaasje - Foto: Shutterstock.com

De man waard troch de befeiliging op 'e die trappearre doe't hy 15 PS4-spultsjes stelle woe. Hy is troch de befeiliging oerdroegen oan de plysje. De man moat him op 21 maart takom jier by de rjochter melde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)