Ynstânsjes tekenje akkoart oer heechspesjalistyske jongereinsoarch yn Fryslân

21 nov 2018 - 14:07

De Fryske gemeenten Sociaal Domein Fryslân en sân soarchoanbieders lykas Accare, Het Poortje en Fier, ha in konvenant tekene oer heechspesjalistyske jeugdhelp. De ôfspraken oer in bettere gearwurking moatte liede ta in ferbettering fan de kwaliteit en in besparring op de kosten.

Foto: Eigen foto

Doel is om de soarch mear binnen de húshâldingen te pleatsen. Dêrmei moat foarkaam wurde dat bern noch langer út hûs pleatst wurde en net langer fan de iene helpferliener nei de oare trochstjoerd wurde. Mei de ynset fan ambulante soarch binnen de famyljes kin de ynset fan heechspesjalistyske help ferminderje. Dêrmei kin dan wer op kosten besparre wurde.

It konvenant is ûnderdiel fan it provinsjebrede Aksjeplan Soarch foar Jeugd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)